Mozilla VPN

Wat is in VPN?

Krij antwurd op njoggen faak stelde fragen oer VPN’s, sadat jo witte wat se dogge, wannear’t jo der ien brûke moatte en wêrom.

In protte fan ús besteegje meardere oeren per dei oan it ynternet om deistige saken te dwaan, lykas fideo’s besjen, winkelje, game en rekkeningen betelje, ta it behearen fan komplekse wurkprojekten en it fieren fan fertroulike fideopetearen. In Virtual Private Network (VPN) is ien fan de beste manieren om online prive en feilich te bliuwen en jo persoanlike gegevens te beskermjen.

Hoe wurkje VPN's?

In VPN is in helpmiddel wêrmei’t jo oeral feilich tagong hawwe ta ynternet. In VPN wurket troch in feilige ‘tunnel’ te kreëarjen tusken jo apparaat en jo VPN-provider, en hy beskermet jo op twa wichtige manieren:

  1. Ferbergjen fan jo IP-adres, wêrtroch jo identiteit en lokaasje beskerme wurde.
  2. Fersifering fan jo ferkear tusken jo en jo VPN-provider, sadat nimmen yn jo lokale netwurk it ûntsiferje of oanpasse kin.

Yn it ferline waarden VPN’s benammen brûkt troch bedriuwen om feilige tagong op ôfstân ta harren ynterne tsjinsten en bedriuwseigen gegevens mooglik te meitsjen. No binne VPN’s echter beskikber foar elkenien dy’t harren ferbining mei ynternet beskermje wol, foaral wannear’t dizze fia maklik tagonklike netwurken lykas iepenbiere wifi gean, mar it is sels handich op in thúsnetwurk.

In VPN beskermet it ferkear dat jo tusken jo en jo VPN-provider ferstjoere, fia jo browser, apps of oare tsjinsten. Om in VPN yn te stellen, moatte jo in account oanmeitsje by in VPN-provider en de VPN-software op jo kompjûter of telefoan ynstallearje. Wannear ynskeakele, ferwurket in VPN it ferkear fan alle apps en software dy’t op jo apparaat útfierd wurde, sadat jo frij navigearje en kommunisearje kinne fia in befeilige priveenetwurkferbining.

In VPN-provider biedt trochgeans in oantal ferbiningsgateways op ferskate wrâldwide lokaasjes, wêrtroch jo in IP-adres fan in oare lânynstelling dan jo eigen brûke kinne. Op dy manier sjocht it plak wêrmei’t jo ferbining meitsje it IP-adres fan de VPN, net jo wurklike IP-adres, as de boarne fan jo ferkear. Mozilla VPN liedt jo ferkear fia in befeilige server en lit jo in lokaasje kieze út mear as 30 lannen.

Wannear moat ik in VPN brûke?

Ferbining meitsje mei in iepenbier wifinetwurk is somtiden handich, bygelyks as jo gjin ynternet hawwe of gjin streekjes op jo telefoan krije kinne. Oan de oare kant kin ferbining meitsje mei iepenbiere wifi in riskante ûndernimming wêze. It is net mooglik om mei wissichheid te sizzen dat in oar gjin ferbining makket mei itselde netwurk om rûn te snuffeljen yn wat jo oan it dwaan binne. Sels as jo ferkear fersifere is, kinne se noch hieltyd sjen hokker websites jo besykje. En as jo in app brûke dy’t gjin fersifering biedt – en sels hjoed de dei binne dat der noch in protte – dan kinne se alles sjen wat jo dogge.

As jo thús binne, is it risiko dat kweawollenden op jo thúsnetwurk ferskine leger. Jo ynternetprovider (ISP) kin jo onlineaktiviteiten echter folgje en diele, omdat alle gegevens wêr ta jo op it ynternet tagong hawwe, fia it netwurk fan jo ISP stjoerd wurde, wêrfan guon mooglik net fersifere binne. In VPN kin foarkomme dat ISP’s jo bespionearje troch jo ferkear nei jo VPN-provider te fersiferjen, wêr’t jo ek binne.

Wachtsje, ik tocht dat myn ynternetferkear al fersifere wie mei HTTPS…

It is wier dat de measte ferbiningen mei websites tsjintwurdich befeilige wurde troch HTTPS, wat betsjut dat de ynhâld, mar net it boarne- of bestimmings-IP-adres, is fersifere. In VPN biedt ekstra privacy troch foar te kommen dat websites en tredde partijen jo IP-adres te witten komme.

Wêrom soe ik in VPN brûke?

It ferbergjen fan jo identiteit en jo ynternetferkear kin wat lykje dat allinnich supertechnysk ûnderleine persoanen of skimige figueren dogge. Der is echter in oantal legitime redenen wêrom’t jo in VPN brûke soene wolle, wêrûnder:

  • Jo online aktiviteit privee hâlde.
  • Jo thúslokaasje of faak besochte plakken privee hâlde.
  • Jo ferbining mei in iepenbier wifi-netwurk bewurkje, lykas yn in kafee, flechthaven, winkel of biblioteek.
  • It garandearjen fan de fertroulikheid en yntegriteit fan jo tagong ta it ynternet.
  • Meitsje it foar advertinsjenetwurken swierder om jo IP-adres te brûken om rjochte advertinsjeprofilen te meitsjen dy’t jo op ynternet folgje.

Wat binne de neidielen fan it brûken fan in VPN?

Guon tsjinstproviders blokkearje besiken dy’t fia VPN’s dien wurde, wêrtroch harren ynhâld net tagonklik is wannear’t in VPN ynskeakele is. Guon VPN’s kinne foar fertraging soargje of jo bânbreedte beheine. En guon VPN’s skoare slim wat it respektearjen fan de privacy en feilichheid fan brûkers oanbelanget.

Binne VPN's feilich?

It is hiel swier om in betroubere VPN te finen. VPN’s binne bedoeld om brûkers te beskermjen wylst se online binne, mar net alle VPN’s binne lyk yn de tsjinst dy’t se leverje. Soargje der by it sykjen nei in VPN-tsjinst foar dat jo de betingsten begripe wêrmei’t jo akkoard gean. In protte beweare geweldich en rjochte op privacy te wêzen, mar in grut tal komt harren belofte net nei. Guon VPN’s registrearje jo online aktiviteiten sadat se jo gegevens en ynformaasje sels oan marketingbedriuwen ferkeapje kinne. Oare VPN’s sille jo probearje te oertsjûgjen om malware op jo apparaten te ynstallearjen.

Wy hawwe it nedige dien om derfoar te soargjen dat sawol de Mozilla VPN jo privacy respektearret, en dêr wolle wy ús reputaasje op ynsette. Mozilla hat de reputaasje produkten te meitsjen dy’t jo helpe jo gegevens feilich te hâlden. Wy folgje ús maklik te lêzen, no-nonsense Gegevensprivacyprinsipen, wêrtroch wy ús suver konsintrearje kinne op de gegevens dy’t wy nedich hawwe om in tsjinst te ferlienen. En omdat wy stipe wurde troch in missydreaune bedriuw, kinne jo derop fertrouwe dat de euro’s dy’t jo oan dit produkt besteegje jo net allinnich in earsteklas befeiliging garandearje, mar ek it ynternet foar elkenien better meitsje.

Kinne VPN's my beskermje tsjin cyberkriminelen?

Hoewol in VPN in feilige ferbining mei ynternet biedt, beskermet dizze jo net tsjin alle kweawollenden dy’t der binne. Elke kear as jo online binne, mei of sûnder VPN, moatte jo op jo hoede wêze foar fertochte keppelingen, desynformaasjekampanjes, phishing en oare bedrigingen. Feilich online bliuwe is in deistige mentaliteit.

Binne VPN's legaal?

It ynstallearjen en brûken fan in VPN is op dit stuit legaal yn de measte lannen, wêrûnder de Ferienige Steaten, it FK, Kanada en Nij-Seelân, mar guon lannen kinne it gebrûk derfan regulearje. As jo derfoar kieze om in VPN te brûken, is it jo ferantwurdlikheid om de wetjouwing fan it lân te kontrolearjen om te bepalen oft it gebrûk derfan legaal is of net.

Binne VPN's allinnich foar kompjûters?

VPN’s kinne brûkt wurde om al jo apparaten te beskermjen: kompjûters, laptops, tablets en telefoans. As jo fia selsstannige apps bûten de browser tagong krije ta it ynternet, is in VPN in goede kar om jo privacy en feilichheid op elk apparaat te beskermjen. Jo moatte foar in goede wurking op elk apparaat in VPN ynstallearje. Mozilla VPN biedt in ûnbeheinde ferbining foar maksimaal fiif apparaten wannear’t jo ferbining meitsje mei it ynternet fan elke app of browser út.

Mozilla VPN: fluch, feilich, betrouber

Mozilla VPN is in tsjinst wêrop jo fertrouwe kinne om jo ferbining mei it ynternet op al jo apparaten feilich te hâlden. Wy hâlde gjin lochboeken mei netwurkaktiviteiten by en wy wurkje net gear mei tredden dy’t profilen meitsje fan wat jo online dogge. Yn in wrâld wêryn ûnfoarsjenberheid it ‘nije normaal’ wurden is, witte wy dat it wichtiger as ea is dat jo jo feilich fiele en dat jo witte dat wat jo online dogge jo eigen saak is.

Mozilla VPN

Mozilla VPN downloade