Mozilla VPN

It ferskil tusken in VPN en in webproxy

VPN’s en proxys binne oplossingen foar online privacy en befeiliging. Hjir lêze jo hoe’t dizze jo beskermje en hoe’t jo de beste opsje kieze.

Firtuele priveenetwurken (VPN’s) en befeilige webproxys binne oplossingen foar bettere privacy en feilichheid online, mar it kin ferwarrend wêze om út te sykjen hokker it beste foar jo is. Hjir lêze jo hoe’t dizze tsjinsten jo beskermje en hoe’t jo de beste opsje kieze foar wannear’t jo online binne.

Foarkom dat ISP’s jo bespionearje

Wannear’t jo Firefox brûke, blokkearret Ferbettere beskerming tsjin folgjen automatysk in protte webtrackers fan tredde partijen dy’t jo op ynternet folgje wolle. Mar hjir is in ynteressant feit: jo ynternetprovider (ISP), dy’t jo betelje foar in ynternetferbining, kin jo noch hieltyd observearje en folgje.

Omdat jo ynternetferkear fia jo ISP fan en nei jo apparaten (kompjûter, telefoan, tv, tablet) giet, kinne sy sjen wêr’t jo online binne. In ISP kin sjen hokker websites jo besykje hoe lang jo se besykje, wat jo lokaasje is en ynformaasje oer jo apparaten sjen kin. In ISP wit miskien mei tank oan fersifering net krekt wat jo op dy websites dien hawwe (lykas wat jo kocht, socht of lêzen hawwe), mar kin wol konklúzjes oer jo lûke op basis fan de websites dy’t jo besocht hawwe. Dy persoansgegevens kinne brûkt wurde om detaillearre profilen oer jo oan te meitsjen. Wêrom soene ISP’s dat dwaan? Koartom: dizze gegevens binne weardefol.

ISP’s kinne dizze ynformaasje brûke foar harren eigen rjochte advertinsjes of foar it generearjen fan ynkomsten, wêrûnder it dielen fan jo gegevens mei tredden dy’t ynteressearre binne yn dataminen, marketing en rjochte advertinsjes, wat minder privacy en mear tracking betsjut. Navigearje yn de priveemodus ferhinderet net dat ISP’s sjogge wêr’t jo online binne. Mar it ferstjoeren fan jo ynternetferkear fia in webproxy of VPN kin it folle swierder meitsje.

Wannear kieze jo foar in VPN of in befeilige proxy?

VPN’s en befeilige webproxys hawwe dielde doelen: se befeiligje ferbiningen. Se kinne jo oarspronklike IP-adres maskearje en it ynternetferkear beskermje dat jo tusken jo en jo VPN- of befeilige proxyprovider ferstjoere en dogge dat ek. Mar wannear soene jo in VPN fersus in proxy brûke wolle?

Feilige webproxy: beskerming op browsernivo

In befeilige webproxy wurket foar taken dy’t jo mooglik allinnich yn jo browser útfiere. Dit kin delkomme op hiel wat aktiviteiten, lykas winkeljen, rekkeningen betelje, oanmelde op sosjale media en it lêzen fan e-mailberjochten. In befeilige webproxy fungearret as tuskenpersoan tusken jo browser en ynternet. Jo webbrowsergegevens gean troch in befeilige tunnel streekrjocht fan jo browser út nei it ynternet, wêrby jo IP-adres maskearre wurdt, sadat de webserver wêrmei't jo kontakt opnimme net krekt wit wêr’t jo jo op de wrâld binne. En dat makket jo swierder te folgjen en rjochte te benaderjen.

In proxy is handich wannear’t jo op it ynternet sneupe op iepenbiere wifi. Wannear’t in proxy ynskeakele is, wurdt foarkommen dat ôflústerers op itselde netwurk jo sneupaktiviteit bespionearje of jo transaksjes op net-fersifere websites lêze. It klinkt ûnskuldich, mar iepenbiere wifi-netwurken kinne in soarte fan efterdoar binne foar hackers.

Firefox Private Network is in ienfâldich te ynstallearjen browserútwreiding dy’t in feilige, fersifere tunnel nei it ynternet biedt om jo browserferbining oeral wêr’t jo Firefox brûke te befeiligjen. It is fluch en maklik oan te setten wannear’t jo it nedich hawwe foar ekstra befeiliging yn jo browser.

VPN's: beskerming op apparaatnivo

VPN’s dogge mear as proxys, omdat in proxy allinnich beskermet wat jo yn jo browser dogge, wylst in VPN al jo ferkear beskermet, ynklusyf jo browser, oeral wêr’t jo in VPN ynstallearre en ynskeakele hawwe. VPN’s biede ekstra befeiliging en privacy foar al jo online aktiviteiten - in wichtige oerweging as jo jo aktiviteit foar josels hâlde wolle en it foar gegevensfrettende trackers en ISP’s swierder meitsje wolle om in profyl fan jo te meitsjen op al jo apparaten, lykas jo telefoan, kompjûter en tablet.

In VPN wurket troch in feilige ‘tunnel’ te kreëarjen tusken jo apparaat en ynternet yn it algemien. Hy beskermet jo privacy op twa wichtige manieren:

  1. Ferbergjen fan jo IP-adres, wêrby jo identiteit beskerme wurdt en jo lokaasje ferberge.
  2. Fersifering fan jo ferkear tusken jo en jo VPN-provider, sadat nimmen yn jo lokale netwurk it ûntsiferje of oanpasse kin.

In VPN biedt ek befeiliging op iepen en iepenbiere wifi-ferbiningen. Iepen wifi kin riskant wêze en it is net mooglik om der wis fan te wêzen dat in oar gjin ferbining makket mei itselde netwurk om jo aktiviteiten te bespionearjen. Sels as jo ferkear fersifere is, kinne se noch hieltyd sjen hokker websites jo besykje. En as jo in app brûke dy’t gjin fersifering biedt – en hjoed de dei binne dat der noch in protte – dan kinne se alles sjen wat jo dogge yn dy app. Mozilla VPN is in flugge, feilige en betroubere tsjinst dy’t jo helpe kin de befeiligingskleau te oerbrêgjen. Mozilla VPN lit jo ek jo ‘lokaasje’ kieze (wêr’t jo ferkear fan del liket te kommen) út mear as 30 lannen.

Kies in betroubere tsjinst

It wichtichste om te oerweagjen by it kiezen fan in VPN of in proxytsjinst is it kiezen fan in betrouber bedriuw. Soargje derfoar dat jo de betingsten begripe wêrmei’t jo akkoard geane. In protte beweare geweldich te wêzen en rjochte op privacy, mar in grut tal fan harren komt harren belofte net nei. Net alle proxy- en VPN-tsinsten binne feilich en privee. Guon sille jo online aktiviteiten logge, sadat se jo gegevens en ynformaasje sels oan marketingbedriuwen ferkeapje kinne. Oare tsjinsten sille jo probearje te oertsjûgjen om malware op jo apparaten te ynstallearjen.

Wy hawwe it nedige dien om derfoar te soargjen dat sawol de Mozilla VPN as de proxy-útwreiding Firefox Private Network jo privacy respektearje, en dêr wolle wy ús reputaasje op ynsette. Mozilla hat de reputaasje produkten te meitsjen dy’t jo helpe jo gegevens feilich te hâlden. Wy folgje ús maklik te lêzen, no-nonsense Gegevensprivacyprinsipen, wêrtroch wy ús suver konsintrearje kinne op de gegevens dy’t wy nedich hawwe om in tsjinst te ferlienen. En omdat wy stipe wurde troch in missydreaune bedriuw, kinne jo derop fertrouwe dat de euro’s dy’t jo oan dit produkt besteegje jo net allinnich in earsteklas befeiliging garandearje, mar ek it ynternet foar elkenien better meitsje.

Mozilla VPN

Mozilla VPN downloade