Mozilla VPN

VPN foar Android fan Mozilla

Meitsje befeiligenseangsten ljochter mei Mozilla VPN foar Android

Mozilla VPN downloade

Oft jo no thús binne, op it wurk, of in grappige namme foar jo kofjebestelling meitsje by de kassa, it beskermjen fan jo online feilichheid is in topprioriteit foar Mozilla. Lykas in protte produkten foar tûke technology, hawwe Android-apparaten ynboude beskermingsfunksjes dy’t jo apparaat beskermje. Mei VPN foar Android fan Mozilla kinne jo befeiliging fierder nimme mei mar ien fan jo fingertik.

Mei help fan it flugge en feilige WireGuard-VPN-protokol kin ús VPN it ynternetferkear tusken jo apparaat en it VPN-netwurk fan servers fersiferje. Dit helpt ús om jo ynternetferkear te beskermjen wannear’t jo ûnderweis binne. It is lykas it deksel dat jo griene tee mei huning beskermet tsjin de mich dy’t rûnom de tafel gûnzet.

Hoe beskermet in VPN myn Android-apparaat?

VPN’s helpe foar te kommen:

  • Dat jo ynternetaktiviteit sichtber is en dan ferkocht of dield wurdt mei advertearders.
  • Dat de streamingkwaliteit fan fideo’s leech is fanwegen stadige en beheinde bânbreedte fan jo ynternetprovider (ISP)
  • Dat jo persoanlike gegevens stellen wurde by gebrûk fan in iepenbier wifi-netwurk.

Wêrom soe ik Mozilla VPN foar Android downloade moatte?

  • Surf op ynternet sûnder jo lokaasje priis te jaan.
  • Wês nofliker mei it brûken fan iepenbiere wifi yn kafees, fleanfjilden en mear.
  • Foarkom optwingerige lokaasjebasearre reklame.

De mobile Mozilla VPN-app is lyts, dus hy brûkt net in protte fan jo ûnthâld en fertraget jo telefoan net of ferbrûkt jo batterij net.

Yn tsjinstelling ta fergeze VPN’s of proxywebsites, dy’t foar harren servers betelje kinne troch jo te bespionearjen en jo ynformaasje te ferkeapjen, hâldt Mozilla gjin gegevens by fan wat jo besykte en wat jo dogge.