Mozilla VPN foar Windows wurdt download…

Jo Mozilla VPN-download soe automatysk starte moatte. As dat net it gefal is,
start de download dan opnij of gean werom om te downloaden foar in oar apparaat.

  1. 1. Iepenje it bestân

    Gean nei jo downloadmap en dûbelklik op it .msi-bestân

  2. 2. Start de app

    Der ferskynt in foartgongsbalke en it ynstallaasjeproses begjint

  3. 3. Meld jo oan of registrearje

    Fier jo e-mailadres yn om oan te melden of te registrearjen en te begjinnen

  4. 4. Skeakelje VPN yn

    Kies in oanrekommandearre lokaasje foar in flugge, stabile ferbining of kies hânmjittich de winske lokaasje en skeakelje dernei de skeakeler yn

Help nedich om te begjinnen?

Hjir folgje inkelde fan de meast stelde fragen oer it ynstellen fan Mozilla VPN

Wêrom soe ik Mozilla VPN brûke

Omdat mear fan it deistich libben fia ynternet bart, wurde online privacy en befeiliging hieltyd wichtiger. In VPN, Virtual Private Network, makket in fersifere tunnel tusken jo apparaten en it ynternet, wêrtroch jo ferbining befeilige en privee bliuwt wylst jo op twa wichtige manieren beskerme wurde:

  1. Ferbergjen fan jo wiere IP-adres. Dit helpt jo identiteit te beskermjen en jo lokaasje fertsjusteret foar de troch jo besochte websites.
  2. Jo ynternetferkear fersiferje: sadat gjinien op it net jo online aktiviteit bespionearje kin.

Hoe wit ik dat de VPN wurket?

Mozilla VPN toant fisuele yndikatoaren fan de aktuele steat, sawol yn de arkbalke as yn it startskerm fan de tapassing, sadat jo maklik sjen kinne of jo online aktiviteiten beskerme binne of net. Mei dizze yndikatoaren kinne jo befêstigje oft jo navigaasje privee en feilich is. Boppedat kinne jo, wylst jo ferbûn binne, nei https://monitor.mozilla.org/ gean om te befêstigjen oft jo IP-adres maskearre is. Gean foar mear details nei Hoe kin ik sjen oft Mozilla VPN ferbûn is?.

Hoe foegje ik noch in apparaat ta?

Noch in apparaat tafoegje is krekt sa ienfâldich as it downloaden en ynstallearjen fan de Mozilla VPN-software en dernei oanmelde by jo besteande Mozilla-account op it nije apparaat. Gean foar mear details nei Apparaten oan jo Mozilla VPN-abonnemint tafoegje.

Wat binne inkelde beste praktiken foar VPN?

As it jo doel is om jo ynternetferkear te beskermjen en tagelyk in hege snelheid te behâlden, dan is it altyd it beste om in serverlokaasje te kiezen dy’t sa ticht mooglik by jo fysike lokaasje leit. Dit ferheget de betrouberheid en snelheid fan jo ferbining, omdat jo ynternetferkear gjin grutte omwei hoecht te meitsjen eardat it op de beëage bestimming op ynternet oankomt.

As it jo doel is om ynternet te ûnderfinen as oft jo jo yn in oar part fan de wrâld binne, kinne jo dêr in serverlokaasje kieze, en alle websites dy’t jo besykje toand wurde as oft jo dêr binne.

As jo josels noch mear beskermje wolle, kinne jo beskerming tsjin advertinsjes, advertinsjetrackers en malware aktivearje troch nei Ynstellingen > Privacyfunksjes te gean. Hâld der rekkening mei dat dit der ta liede kin dat guon websites net goed wurkje of net laden wurde, dus mooglik moatte jo dizze befeiligingen tydlik útskeakelje as jo dit probleem tsjinkomme.

Ta beslút kinne jo op ûndersteande apparaten de VPN noch tûker meitsjen troch bepaalde apps (byg. Netflix) út te sluten fan de VPN.

Noch wat mear help nedich?

Jo kinne streekrjocht fan de Mozilla VPN-tapassing út kontakt opnimme mei ús stipeteam troch te klikken op Ynstellingen > Help krije > Kontakt opnimme. Jo kinne ek kontakt mei ús opnimme op ús stipeside.