We Stean Foar Minsken Boppe Winst.
Witte wat men fan brûkte software of tsjinsten ferwachtsje kin, kin tsjintwurdich lestich wêze. De technology dy’t ús libbens mooglik meitsje is kompleks, en minsken hawwe gjin tiid om har yn de details te ferdjipjen. Dat jildt ek noch hieltyd foar Firefox, wêrby wy tinke dat minsken in protte ferskate ideeën hawwe oer wat der yn harren browser ûnder de motorkape bart.
Mozilla respektearret en beskermet jo persoanlike gegevens:
- Wy folgje in oantal Prinsipen oer gegevensprivacy dy’t ús oanpak fan privacy yn de mobile en desktopferzjes fan Firefox foarmjaan.
- Wy stribje dernei allinnich gegevens te sammeljen dy’t nedich binne om de bêste produkten te meitsjen.
- Wy wurkje deroan om minsken kontrôle oer harren gegevens en onlinebelibbingen te jaan.
- Wy hâlde ús oan it prinsipe fan ‘gjin ferrassingen’, wat ynhâldt dat wy hurd wurkje oan it byld dat brûkers hawwe fan Firefox en de werklikheid.
De folgjende fragen en antwurden soene helpe moatte te begripen wat jo fan Mozilla en Firefox ferwachtsje kinne:
- Ik brûk Firefox foar hast alles op it web. Jimme by Mozilla moatte wol in hiel protte oer my witte, net wier?
-
Mozilla wit net safolle as jo ferwachtsje soene oer hoe’t minsken op it web sneupe. Firefox, de webbrowser dy’t rint op jo apparaat of kompjûter, is jo tagongspoarte nei it ynternet. Jo browser sil in soad ynformaasje beheare oer de websites dy’t jo besykje, mar dy ynformaasje bliuwt oer it algemien op jo apparaat.
- It liket der op dat alle bedriuwen op it ynternet myn gegevens keapje en ferkeapje. By jimme is dat wierskynlik net oars.
-
Mozilla ferkeapet gjin gegevens oer jo (op de manier wêrop de measte minsken tinke oer ‘ferkeapje gegevens’), en wy keapje gjin gegevens oer jo. Omdat wy stribje nei transparânsje, en de JURIDYSKE definysje fan ‘ferkeap fan gegevens’ op guon plakken ekstreem breed is, hawwe wy in stapke werom dwaan moatten fan it meitsjen fan de definitive útspraken dy’t jo kenne en fan hâlde. Wy sette noch in soad wurk yn om derfoar te soargjen dat de gegevens dy’t wy diele mei ús partners (wat wy dwaan moatte om Firefox kommersjeel libbensfetber te meitsjen) wurde stript fan alle identifisearjende ynformaasje, of allinnich dield yn in totaaloersjoch, of troch ús privacybeskermjende technologyen ferwurke (lykas OHTTP).
- Mar wacht, hoe fertsjinje jin dan jild?
-
Mozilla is gjin gemiddelde organisaasje. Mozilla is yn 1998 oprjochte as in troch de mienskip ûnderhâlden iepenboarneprojekt en in troch in missy dreaune organisaasje dy’t nei in sûner ynternet tawurket. De mearderheid fan de ynkomsten fan de Mozilla Corporation is ôfkomstich fan royalty’s dy’t fia partnerferbannen mei sykmasinen yn de Firefox-browser en distribúsjeoerienkomsten oer de hiele wrâld krigen wurde. Mear ynformaasje oer hoe’t wy jild fertsjinje kinne jo fine yn ús finansjeel jierferslach.
- Oké, de earste wiene maklike fragen. Hokker gegevens sammelje jimme?
-
Mozilla sammelet standert wol in beheinde hoemannichte gegevens fan Firefox út dy’t ús helpe begripe hoe’t minsken de browser brûke. Mear dêroer kinne jo yn ús privacyferklearring lêze, krekt as de folsleine dokumintaasje foar dy gegevenssammeling. Wy meitsje ús dokumintaasje ek iepenbier, sadat elkenien ferifiearje kin dat wy de wierheid sprekke, en hawwe der fertrouwen yn dat wy neat ferbergje.
- Sammelje jimme mear gegevens yn pre-releaseferzjes fan Firefox?
-
Min of mear. Neist de hjirboppe beskreaune gegevens ûntfange wy standert ûngelok- en flaterrapporten yn pre-releaseferzjes fan Firefox.
Mooglik sammelje wy ek oanfoljende gegevens yn pre-releaseferzjes foar ien fan ús ûndersiken. Guon ûndersiken fereaskje bygelyks wat wy ‘navigaasjegegevens’ neame, dy’t URL’s en oare ynformaasje oer bepaalde websites befetsje kinne. Dit helpt ús spesifike fragen oer it ferbetterjen fan Firefox te beäntwurdzjen, lykas hoe’t populêre websites yn bepaalde talen better yntegrearre wurde kinne.
Mozilla’s pre-releaseferzjes fan Firefox binne ûntwikkelplatfoarmen dy’t regelmjittich bywurke wurde mei eksperimintele funksjes. Wy sammelje mear gegevens yn pre-releaseferzjes dan dat wy nei frijjefte dogge om sa begripe te kinnen hoe’t dizze eksperimintele funksjes wurkje. Jo kinne jo yn de foarkarren ôfmelde foar it sammeljen fan dizze gegevens.
- Mar wêrom sammele jo alhiel gegevens?
-
As wy net witten hoe’t de browser presteart of hokker funksjes minsken brûke, kinne wy dizze net ferbetterje en it geweldige produkt leverje dat jo wolle. Wy hawwe ynvestearre yn it bouwen fan gegevenssammeling en analysehelpmiddelen wêrmei wy tûke beslissingen oer ús produkt nimme kinne, wylst wy de privacy fan minsken respektearje. Jo kinne mear lêze oer guon privacybeskermjende technologyen dy’t wy brûke, lykas OHTTP.
- Gegevenssamling steurt my noch hieltyd. Kin ik it útskeakelje?
-
Ja. Brûkerskontrôle is ien fan ú prinsipen oer gegevensprivacy. Dat hawwe wy yn Firefox yn praktyk brocht op ús side oer privacyynstellingen, dy’t fungearret as ‘one-stop shop’ foar elkenien dy’t op syk is nei it hâlden fan kontrôle oer harren privacy yn Firefox. Dêr kinne jo gegevenssammeling útsette.
- Wat is der mei myn accountgegevens?
-
Wy hâlde in protte fan minimale gegevens en freegje net nei wat wy net nedich hawwe.
Jo hawwe gjin account nedich om Firefox te brûken. Accounts binne nedich om gegevens tusken apparaten te syngronisearjen, mar wy freegje jo allinnich om in e-mailadres en jo leeftiid (om te kontrolearjen oft jo gjin bern binne).
- Jimme brûke digitale reklame as ûnderdiel fan jin marketingmiks. Keapje jimme gegevens oer minsken om jin online advertinsjes better rjochtsje te kinnen?
-
Nee, wy keapje gjin gegevens fan minsken foar doelfêste advertinsjes.
Wy freegje ús advertinsjepartners wol om allinnich gegevens fan dizze partijen sels dy by websites en útjouwers oer alle brûkers bekend binne te brûken, lykas de browser dy’t jo brûke en it apparaat wêrop jo jo binne.
- No, it liket derop dat jimme echt efter my steane mei dizze privacysaken.
-
Ja dat dogge wy.