Firefox-browsersyngronisaasje
Mei Firefox kinne jo fierdergean wêr’t jo ophâlde as jo oerskeakelje fan jo desktopkompjûter nei jo mobile telefoan nei jo tablet. Firefox lit jo jo blêdwizers sjen, jo navigaasjeskiednis, jo bewarre wachtwurden en mear, nettsjinsteande hokker apparaat jo brûke.
Meld jo oan foar in fergees Mozilla-account en jo kinne jo gegevens oeral wêr’t jo Firefox en oare Mozilla-produkten brûke syngronisearje.
Al jo gegevens binne fersifere op ús servers, sadat wy dizze net lêze kinne. Allinnich jo hawwe der tagong ta. Wy ferkeapje jo gegevens net oan advertearders, omdat dat yn striid wêze soe mei ús belofte foar gegevensprivacy.
Ferstjoer ljepblêden fan it iene apparaat nei it oare
Mei de funksje Ljepblêd ferstjoere yn Firefox kinne jo siden fan Firefox op it iene apparaat nei oare apparaten (lykas in iPhone, iPad of Android-apparaat) ferstjoere. Hawwe jo wylst it sneupen op jo telefoan in artikel fûn dat jo lêze wolle as jo wer efter jo buro sitte? Of in wichtich dokumint fan jo wurk dat jo bewarje wolle as jo thúskomme? Miskien hawwe jo op jo laptop in resept fûn dat jo nei jo tablet yn de keuken stjoere wolle. Ferstjoer dat ljepblêd!