Soargje derfoar dat jo beskerme wurde, elke kear as jo online gean
Tank foar it gebrûk fan de nijste Firefox-browser. Wannear jo Firefox kieze, stypje jo in better ynternet foar jo en elkenien. Nim no de folgjende stap om josels te beskermjen.
Kies foar automatyske privacy
Bedriuwen bliuwe nije manieren fine om jo persoanlike gegevens te efterheljen. Firefox is de browser mei in missy om nije manieren te finen om jo te beskermjen.
Kies frijheid op elk apparaat
Firefox is fluch en feilich op Windows, iOS, Android, Linux… en dertusken. Jo fertsjinje kar in browsers en apparaten, yn stee fan beslissingen dy’t foar jo nommen wurde.
Kies bedriuwsûnôfhinklikheid
Firefox is de iennige grutte ûnôfhinklike browser. Chrome, Edge en Brave binne allegearre boud mei koade fan Google, wêrtroch Google noch mear gryp kriget op it ynternet.