Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Is Firefox in priveebrowser?

Ja. Firefox beskermet jo privacy mei funksjes lykas Priveenavigaasje. It lit jo jo navigaasjeskiednis en wachtwurden privee hâlde, sels as jo in apparaat brûke dat jo diele mei oare minsken, lykas in thúskompjûter of iPad.

Firefox beskermet ek jo privacy mei Ferbettere beskerming tsjin folgjen om trackers te blokkearjen dy’t jo fan website nei website folgje en ynformaasje sammelje oer jo sneupgedrach. It omfettet ek beskermingen tsjin skealike scripts en malware.

Kanttekening: Wy binne gjin big tech. Wy dogge dingen oars. Troch ûnôfhinklik te wêzen (gjin oandielhâlders) kinne wy minsken foarop sette, foar winst. Oars as oare bedriuwen ferkeapje wy gjin tagong ta jo gegevens.

Hokker gegevens sammelet Firefox?

Mozilla (de makker fan Firefox) nimt privacy tige serieus. Hiel serieus. Feitlik, komt elk Firefox-produkt dat wy meitsje ús belofte foar persoanlike gegevens nei: Nim minder. Hâld it feilich. Gjin geheimen.

Lês de Privacyferklearring fan Firefox foar mear ynfo. Serieus, lês it . It is yn normale lettertype en sa.ris