Firefox-add-ons en -browserútwreidingen
Utwreidingen – ek wol bekend as Firefox-add-ons – binne ekstra funksjes dy’t jo downloade en ynstallearje kinne om mear funksjonaliteit en ark ta te foegjen oan jo browser. Mei add-ons kinne jo jo Firefox-browser oanpasse en de manier ferbetterje wêrop jo it ynternet brûke.
Der binne Firefox-add-ons dy’t Facebook stopje om jo op it web te folgjen, tekst oersette yn oare talen , jo stavering of grammatika kontrolearje, of it uterlik fan jo browser oanpasse. Jo sille dizze en tûzenen oare fergeze útwreidingen fine op addons.mozilla.org.