It ynternet is krekt sa essinsjeel as elektrisiteit en streamend wetter wurden, dus de browser kieze dy’t it bêste by jo past is wichtiger as ea. It ynternet is in twadde kantoar, in learaar en somtiden in medysk adviseur, sels as jo echte dokter leaver net hat dat jo jo symptomen online opsykje.
Healwei de jierren 90 dominearren Netscape, Internet Explorer en AOL it lânskip. De tiden wiene simpeler doe’t de swiete klanken fan in ynbelmoadem klonken. Jo learden de betsjutting fan geduld wylst it wachtsjen op ladende websiden. Browsersnelheid wie doetiids it iennige dat telde.
Dat is tsjintwurdich wol oars. Advertinsjes, privacyhacks, befeiligingslekken en ferrifelnijs soargje der miskien foar, dat jo nei oare kwaliteiten yn in browser sykje. Hoe beskermet de browser jo privacy? Meie trackers jo oer it web folgje? Kin de browser multytaske en in protte kompjûter- en ynternettaken tagelyk behannelje?
As jo ôffreegje wat it betsjut om in privee- of in flugge browser te hawwen, fine jo hjir in opsplitsing fan trije saken wêroer in browser beskikke moatte soe.
In browser dy’t boud is foar snelheid.
In browser is noch hieltyd in helpmiddel, dus it is logysk dat jo de meast geskikte kieze wolle. As jo ien binne dy’t wurkje moat om te oerlibjen, dan hawwe jo in flugge ynternetbrowser nedich. Hâld yn jo efterholle dat in browser dy’t trackers fan tredden útfiert, wierskynlik stadiger is as in browser dy’t dat net docht. Trackers fan tredden binne cookies en hoewol jo se net sjen kinne, wurde se op de eftergrûn fan de website útfierd, wat kostbere tiid kostet. Hoe mear in browser trackers fan tredden blokkearret, hoe flugger hy wurkje kin.
Dit is ien fan de protte redenen om foar de Firefox-browser te kiezen: Firefox blokkearret standert trackers fan tredden. Wy hawwe noch mear redenen, wêrop wy letter yngean.
In browser dy’t feilichheid foarop stelt.
Heuge jo jo it lêste grutte datalek noch? Sa nee, dan komt dat wierskynlik omdat it sa faaks foarkomt. Bedriuwen bewarje klantgegevens, lykas persoanlike of finansjele gegevens, en hackers stelle dizze. As jo befeiliging as prioriteit sjogge, dan is in feilige ynternetbrowser de bêste browser foar jo.
Der binne in pear manieren wêrop in browser syn brûker helpe kin feilich te bliuwen. In browser mei de meast resinte befeiligingstechnology kin jo kompjûter en websites helpe beskermjen tsjin net-winske besikers, lykas malware of kompjûterfirussen.
De twadde manier is net te folle brûkersgegevens te bewarjen. Hackers kinne net stelle wat der net is en dêrom bewarret Firefox in minimale hoemannichte brûkersgegevens. Firefox wit oft jo de browser brûkt en wat jo algemiene lokaasje is, mar net de namme fan it húsdier út jo jeugd of jo favorite kleur.
Ta beslút soa in feilige browser helpmiddelen biede moatte dy’t jo helpe jo accounts yn de gaten te hâlden. Tink hjirby oan warskôgingen dy’t streekrjocht nei jo e-mailadres ferstjoerd wurde as ien fan jo accounts troffen is troch in datalek, of piktogrammen dy’t jo fertelle of in website fersifere is (dat wol sizze, oft it in goed idee is om jo creditcardgegevens yn te fieren op in webwinkelsite).
Firefox biedt wat nijs om jo feilich te hâlden: Mozilla Monitor. Dit is in fergeze tsjinst dy’t jo in warskôging stjoert as der bekende hacks op jo account binne en jo ynformearret oft jo accounts yn it ferline hackt west binne. Noch in aardige funksje is it Griene Slotsje. Dit sjoch derút as in lyts grien piktogram links boppeyn jo browserfinster. As jo Firefox brûke en jo sjogge it griene slotsje, dan betsjut dit dat de website fersifere en feilich is. As it slotsje griis is, dan moatte jo miskien it ynfieren fan gefoelige ynformaasje ris opnij oerwaagje.
In browser dy’t him om himsels bekommeret.
Privacy op it web is in wichtich ûnderwerp. As privacy boppe-oan jo prioriteitelist stiet, dan wolle jo in browser dy’t dit serieus nimt. Sjoch by jo kar foar de foar jo bêste priveebrowser nei it belied foar trackers en hoe in browser mei jo gegevens omgiet. Dit lykje technyske fragen, mar binne de reden wêrom guon browsers mear privee binne as oare.
Trackers binne al dy ferfelende berjochten oer ‘cookies’ dy’t jo op websites fan fleanmaatskippijen krije. Dizze trackers fan tredden witte wannear’t jo klikke en kinne brûkt wurde om jo gedrach te analysearjen. In priveebrowser soe brûkers de opsje om trackers fan tredden út te skeakeljen biede moatte, mar idealiter dizze standert útskeakelje moatte.
Noch in manier om trackers te ferhinderjen jo te folgjen is it gebrûk fan priveenavigaasje. Elke browser dy claimt privee te wêzen, soe sneupen yn in priveemodus biede moatte.
In ienfâldige manier om dit te kontrolearjen is de ynhâldsynstellingen en it privacybelied fan in browser te besjen. De privacyside soe fertelle moatte oft jo gegevens dield wurde en wêrom. Dêrom is de Firefox-privacyferklearring ienfâldich te lêzen en te finen.
De foar jo bêste browser kieze is as in wenning kieze. Jo wolle jo opsjes ferkenne, wat ûndersyk dwaan en in beslissing nimme op basis fan wat jo wichtich fine.
By Firefox hawwe wy hurd wurke om in browser te bouwen dy’t twa kear sa fluch is as earder en brûkers mear kontrôle oer harren online libben jout.