Kies de Firefox Browser dy’t jo yn jo taal downloade wolle

Elkenien fertsjinnet tagong ta it ynternet – jo taal mei nea in barriêre foarmje. Dêrom stelle wy – mei help fan tawijde frijwilligers oer de hiele wrâld – Firefox beskikber yn mear as 90 talen.

1. Browser: Firefox In oar produkt kieze

2. Platfoarm: Kies út ûndersteande list Krij help

Ynfo oer ynstallaasjeprogramma’s

  • 64-bits-ynstallaasjeprogramma’s

    Kies in 64-bits-ynstallaasjeprogramma foar kompjûters mei 64-bits prosessors, wêrmei't se mear RAM oan yndividuele programma’s tawize kinne – mei namme wichtich foar spullen en oare sinnige tapassingen.

  • 32-bits-ynstallaasjeprogramma’s

    Kies in 32-bits-ynstallaasjeprogramma foar kompjûters mei 32-bits prosessors of foar âldere of minder krêftige kompjûters. As jo net wis binne oft jo in 64-bits- of 32-bits-ynstallaasjeprogramma brûke wolle, riede wy jo oan om 32-bits te brûken.

  • MSI-ynstallaasjeprogramma’s

    Windows-ynstallaasjeprogramma’s foar IT-ôfdielingen dy’t de konfiguraasje, ymplemintaasje en it behear fan de Firefox Browser ferienfâldigje.

  • ARM/AArch64-ynstallaasjeprogramma’s

    ARM64-/AArch64-ynstallaasjeprogramma’s optimalisearre foar Windows- en Linux-pc’s.

  • Microsoft Store

    Dizze opsje iepenet in Firefox-produktside yn de Microsoft Store-webportal. As jo Windows 10 of Windows 11 brûke, hawwe jo de opsje om de Microsoft Store fan dizze side ôf te iepenjen en Firefox te ynstallearjen. As jo ynstallearje fan de Microsoft Store út, wurde fernijingen foar Firefox ek troch de Microsoft Store fersoarge. Der binne lytse ferskillen yn it gedrach en de mooglikheden fan Firefox by ynstallaasje fan de Microsoft Store út, mar foar de measte brûkers binne dizze ferskillen net waar te nimmen.

3. Taal: Kies in platfoarm om troch te gean

4. Downloade: Kies in platfoarm om troch te gean