Firefox Developer Edition
Wolkom by jo nije favorite browser. Krij de nijste funksjes, flugge prestaasjes, en it nedige ûntwikkelersark om it iepen web te bouwen.
Firefox Developer Edition — Frysk
Jo systeem foldocht mooglik net oan de easken foar Firefox, mar jo kinne ien fan dizze ferzjes probearje:
Firefox Developer Edition — Frysk
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Firefox Developer Edition
- Downloade foar 64-bits Linux
- Downloade foar 32-bits Linux
Brûke jo Debian, Ubuntu of in oare op Debian basearre distribúsje?
Jo kinne yn stee dêrfan ús APT-repository ynstelle.
Firefox Developer Edition ferstjoert automatysk feedback nei Mozilla. Mear lêze
Firefox Developer Edition
De browser makke foar ûntwikkelers
Alle nijste ûntwikkelersark yn beta, plus funksjes lykas de Multi-line Console Editor en WebSocket Inspector.
In apart profyl en paad, sadat jo it maklik neist Firefox Release of Beta brûke kinne.
Foarkarren dy’t op maat makke binne foar webûntwikkelers: flateropspoaring yn de browser en op ôfstân debugge binne standert ynskeakele, krekt as it donkere tema en de knop foar de ûntwikkelersarkbalke.
Ynaktive CSS
Firefox DevTools jout tenei CSS-deklaraasjes dy’t gjin effekt op de side hawwe griis wer. Wannear’t jo it ynformaasjepiktogram oanwize, sjogge jo in nuttich berjocht oer wêrom de CSS net tapast wurdt, ynklusyf in hint oer hoe’t it probleem oplost wurde kin.
Mear lêze
Firefox DevTools
De nije Firefox DevTools is krêftich, fleksibel, en it bêste fan alles, oanpasber. Hjirûnder falt in treflike JavaScript-debugger, dy’t geskikt is foar mear browsers en boud is yn React en Redux.
Mear lêze
Master CSS-raster
Firefox is de iennige browser mei ark dy’t spesifyk makke is foar it bouwen en ûntwerpen mei CSS Grid. Mei dit ark kinne jo it raster fisualisearje, keppele gebietsnammen werjaan, foarbylden fan transformaasjes op it raster besjen, en folle mear.
Mear lêze
Paneil Lettertypen
It nije paniel Lettertypen yn Firefox DevTools jout ûntwikkelers flugge tagong ta alle nedige ynformaasje oer de yn in elemint brûkte lettertypen. It befettet ek weardefolle ynformaasje lykas de boarne, styl en it gewicht fan in lettertype, en mear.
Mear lêze
Untwerp. Kodearje. Test. Ferfynje.
Meitsje en ferbetterje jo websites
mei Firefox DevTools
Inspector
Ynspektearje en ferfynje koade om pixel-perfekte lay-outs te meitsjen.
Konsole
Kontrolearje CSS, JavaScript, feilichheid en netwurkproblemen.
Debugger
Krêftige JavaScript-debugger mei stipe foar jo framework.
Netwurk
Monitor netwurkfersiken dy’t jo website fertraagje of blokkearje.
Unthâld-paniel
Foegje ta, bewurkje en smyt buffer, cookies, databases en sesjegegevens fuort.
Responsive Design-modus
Test websites op emulearre apparaten yn jo browser.
Fisuele bewurking
Animaasjes, rjochtsjen en padding bywurkje.
Prestaasjes
Iepenje fûken, streamlynje prosessen, optimalisearje ûnderdielen.
Unthâld
Fyn ûnthâldlekken en meitsje jo applikaasje pittich.
Stylbewurker
Bewurkje en behear al jo CSS-stylsjabloanen yn jo browser.
Fertel it ús
Kommentaar makke ús better. Fertel ús hoe’t wy de browser en Developer-ark ferbetterje kinne.
Meiwurkje
Help mei mei it bouwen fan de lêste ûnôfhinklike browser. Skriuw koade, reparearje bugs, meitsje add-ons en mear.