firefox-ios-firefox-browser

Nim de sneldyk op it ynternet mei Firefox foar Android

Besjoch jo iepen ljepblêden, resinte sykopdrachten en favorite websites op ien plak mei de Firefox-browser foar Android.

Download fia Google Play

Download Firefox foar Android

Scan de QR-koade om te begjinnen

Scan de QR-koade om Firefox op Android te krijen

Fluch en privee

Firefox foar Android leveret sûnder muoite privacybeskerming en laadt siden bjusterbaarlik fluch. Ferbettere beskerming tsjin folgjen blokkearret automatysk online trackers, dy’t jo op ynternet folgje en jo siden fertrage.

Ien tik nei privacymodus

Gean mei ien tik nei de priveenavigaasjemodus. En wannear’t jo de priveenavigaasjemodus slute, wurdt jo navigaasjeskiednis automatysk fan jo apparaat wiske.

Sykje jo eigen manier

Hawwe jo in grutte telefoan en normale tommen? Gjin probleem. Mei Firefox foar Android kinne jo de sykbalke fan boppen nei ûnderen ferpleatse, sadat it makliker te brûken is mei ien hân. Jo kinne ek jo eigen sykmasine kieze en as jo wolle Firefox as jo standertbrowser ynstelle.

Besparje enerzjy mei donkere modus

Skeakelje op elk winske momint oer nei donkere modus om de eagen minder te wurch te meitsjen en jo batterijfermogen te ferlingjen.

Bepaal sels jo startskerm

Gean flugger nei de dielen fan it ynternet dy’t jo wichtich fine. Kies derfoar om al jo iepene ljepblêden, resinte sykopdrachten, blêdwizers en favorite websites op ien plak te sjen.

Jou Firefox in boost mei add-ons

Add-ons binne as krêftige lytse helpmiddelen dy’t jo oan jo browser tafoegje kinne om dingen te dwaan, lykas it ferheegjen fan de standert privacyynstellingen en it oanpassen fan jo ûnderfining.

Gean troch wêr’t jo bleaun wiene

Gean maklik oer fan jo telefoan nei jo laptop, tablet en werom. Mei Firefox op al jo apparaten kinne jo jo blêdwizers, wachtwurden, bewarre oanmeldingen en navigaasjeskiednis oeral mei hinne nimme.

Sykje fan it startskerm fan jo telefoan út

Jo hoege de app net te iepenjen. Foegje de sykwidget fan Firefox ta oan it startskerm fan jo apparaat en sykje streekrjocht op ynternet.

Set fideo’s fêst oan jo skerm

Helje fideo’s út harren websites of spilers en meitsje se fêst oan de boppekant fan it skerm fan jo telefoan, sadat jo se besjen kinne wylst jo op ynternet sneupe en oare dingen dogge. Fermeitsje josels wylst jo multitaske.

Oer Mozilla

Mozilla bestiet om it ynternet te bouwen as in iepenbiere boarne dy’t foar elkenien tagonklik is, omdat wy leauwe dat iepen en fergees better is as sluten en kontrolearre. Wy bouwe produkten as Firefox en Pocket om kar, transparânsje en oanstjoeren te befoarderjen.