Oer dizze website
De website www.mozilla.org is al mear as twa desennia online. Dat is sûnt dinosaurustiden yn ynternetjierren. As sadanich is www.mozilla.org in hoekstien fan it web, mei woartels yn de iepenboarnebeweging dy’t tsjûge wie fan de oprjochting fan Mozilla.
Hjoed-de-dei is dit de side dêr’t minsken komme om Firefox te downloaden, Mozilla VPN probearje, en mear ynfo ûntdekke oer Mozilla. Jo kinne ûnderweis ek in pear Peaske-aaien ûntdekke.
Lykas in protte fan ús produkten is dizze webside ek iepenboarne:
- Besjoch de boarnekoade op GitHub
- In bug melde
- Bydrage oan de koade
- Bydrage oan oersettingen
- De dokumintaasje lêze
Kolofon
Inkelde iepenboarne-projekten dy’t brûkt binne by it meitsjen fan dizze website:
- Django as back-end-webframework, mei Jinja foar sjabloanen.
- Mozilla’s ûntwerpsysteem Protokol foar front-end-komponinten en branding.
- Mozilla’s lokalisaasjesysteem Fluent foar oersettingen.
- In protte oare lytsere biblioteken en frameworks, dy’t jo fine kinne yn ús GitHub-repo.
Wy tankje alle Mozilla-meiwurkers dy’t holpen hawwe om it web in better plak te meitsjen.